e-konsult
E-konsult
aanvragen
Jo kinne jo fraach 24 oeren per dei oan ús stelle fia MijnGezondheid.net. Nei’t jo ynlogd binne mei jo DigiD kinne jo fia ‘Mijn berichten’ in fraach stelle.
As jo in account oanmakke hawwe by MijnGezondheid.net, bestiet ek de mooglikheid om de app ‘Medgemak’ te keppeljen oan jo account. Jo kinne dan fragen stelle of in ôfspraak meitsje fia de app. Ynlogge mei jo DigiD is dan net nedich.
Guon medyske fragen kinne jo maklik stelle fia in e-konsult. It giet dêrby om inkeldfâldige en relatyf ienfâldige fragen. Foar sichtbere ôfwikings oan de hûd kin ek in foto mei stjoerd wurde.
It e-konsult is net gaadlik foar it werheljen fan medikaasje, spoedeaskjende fragen en klachten dêr’t fierder lichaamlik ûndersyk foar nedich is.
Fraachferheldering
Besykje jo fraach helder te formulearjen en safolle mooglik ynformaasje mei te stjoeren, eventueel in ôfbylding as dit fan tapassing is.
Wat kinst fan ús ferwachtsje?
Binnen ien wurkdei, wol binnen kantoaroeren (8.00-17.00 oere) kinne jo in antwurd op jo fraach fan ús ferwachtsje.
Wy sjogge jo fraach graach yn de mjitte.
Wy sjogge jo fraach graach yn de mjitte. Tinke jo dat de fraach better op in oare manier beäntwurde wurde kin, sjoch dan ûnder “u heeft een vraag”