fan herte wolkom
Ynskriuwen as pasjint by Yn Sicht?
Jo kinne jo ynskriuwe mei it folgjende formulier.
It is fan belang dat jo jo foarige húsdokterspraktyk op 'e hichte bringe fan jo ferhuzing en tastimming jouwe foar it fersin fan jo medyske gegevens.
Nei jo ynskriuwing freegje wy jo in kennismakingsôfspraak op de praktyk te meitsjen. Wy freegje jo dan ek om ien kear te legitimearjen.
Foar it ynplannen fan in ôfspraak foar it sprekoere fanwege in medysk probleem, wolle wy graach earst oer jo medyske dossier beskikke.
Wy freegje om jo foar ien kear te legitimearjen.
Us wurkgebiet
It wurkgebiet fan húsdokterspraktyk Yn Sicht is uteraard Hurdegaryp, mar dêrnjonken ek de doarpen Ryptsjerk, Tytsjerk, Lytse Geast, Suwâld en Feanwâldsterwâl. Us praktyk is iepen foar ynwenners yn dit gebiet.
Yn de Takomstfisy Hüsdokterssoarch 2022 wurdt beskreaun dat de rol fan de húsdokter yn Nederlân hieltyd grutter wurdt oangeande it ferlienen fan soarch yn de buert. Dêrom hat elke húsdokterspraktyk min of mear syn eigen wurkgebiet. Allinnich op dizze manier kin in húsdokter op duorsume en ferantwurde wize akute, mar ek groanyske soarch yn syn/har gebiet leverje.
Om de kwaliteit te garandearjen en de reistiid tusken de besites te beheinen (foaral fan belang yn akute situaasjes wannear’t de dokter der fluch wêze moat), riede wy oan dat jo nei de ferhuzing bûten ús wurkgebiet de oerskriuwing regelje nei de húsdokterspraktyk dy’t foar jo it tichtste by is. Foar nije ynskriuwings jildt dat wy minsken akseptearje dy’t binnen ús wurkgebiet wenje.