Privacyferklearring
Privacyreglemint fan húsdokterspraktyk Yn Sicht

Jo persoansgegevens en jo privacy yn ús húsdokterspraktyk

 Algemien

De AVG is de nije wet foar beskerming fan privacy en persoansgegevens. Op grûn fan dizze wet hat in organisaasje dy’t mei persoansgegevens wurket, bepaalde plichten en hat dejinge fan wa’t de gegevens binne, bepaalde rjochten. Behalve dizze algemiene wet jilde spesifike regels foar de privacy yn de sûnenssoarch. Dizze regels steane ûnder oare beskreaun yn de Wet Genêskundige BehannelingsOerienkomst (WGBO). Dit privacyreglemint is bedoeld om te ynformearjen oer jo rjochten en ús plichten dy’t jilde op grûn fan de AVG en WGBO.

 Húsdokterspraktyk Yn Sicht

Yn ús húsdokterspraktyk kinne ferskillende persoansgegevens fan jo ferwurke wêze. Dit is nedich om jo medysk goed behannelje te kinnen en ek foar it finansjele aspekt fan de behanneling. Boppedat kin de ferwurking nedich wêze as sprake is fan earnstich gefaar fan jo sûnens of om te foldwaan oan in wetlike ferplichting, bygelyks it ferplicht melden fan in besmetlike sykte op grûn fan de Wet Publike Sûnens.

 Yn Sicht is neffens de AVG ferantwurdlik foar de ferwurking fan persoansgegevens dy’t yn de praktyk plak fynt. Oan de plichten dy’t dêrút fuortkomme, foldocht de praktyk as folget: 



  • Uw gegevens worden voor specifieke doeleinden verzameld:
    • voor zorgverlening;
    • voor doelmatig beheer en beleid;
    • voor ondersteuning van wetenschappelijk onderzoek, onderwijs en voorlichting.
  • Der fynt yn prinsipe gjin ferwurking plak foar oare doelen.
  • Jo wurde op ’e hichte steld fan it feit dat jo persoansgegevens ferwurke wurde.
 Dit kin barre troch jo soarchferliener, mar ek fia in folder of ús webside.
  • Alle meiwurkers fan Yn Sicht hawwe har ferplichte om fertroulik om te gean mei jo 
 persoansgegevens.
  • Jo persoansgegevens wurde goed befeilige, sadat lju sûnder foech gjin tagong hawwe.
  • Jo persoansgegevens wurde net langer bewarre as nedich is foar in goede soarchferliening.

Foar medyske gegevens is de termyn yn prinsipe fyftjin jier, rekkene nei de lêste
 behanneling, behalve wannear langer bewarjen needsaaklik is, bygelyks foar de sûnens fan josels of fan jo bern. Dit moat de soarchferliener beoardielje.

 Jo hawwe de folgjende rjochten:

  • It rjocht om te witten oft en hokker persoansgegevens fan jo ferwurke wurde.
  • It rjocht om de gegevens yn te sjen en op in ôfskrift dêrfan (foar safier’t de privacy fan in oar dêrtroch net oantaast wurdt).
  • It rjocht op korreksje, oanfolling of ferwidering fan gegevens as bliken docht dat dit nedich is.
  • It rjocht om te freegjen dat jo medyske gegevens (foar in part) ferneatige wurde. Dat kin allinnich as it bewarjen fan de gegevens foar in oar net fan oanmerklik belang is en de gegevens op grûn fan in wetlike regeling net bewarre bliuwe moatte. Jo kinne hjirfoar in fersyk mei in begeliedende taljochting yntsjinje. Binnen twa moannen nei jo fersyk krije
jo berjocht oft oan jo fersyk foldien wurdt. As it fersyk ôfwiisd wurdt, wurdt útlein wat de reden hjirfan is.
  • It rjocht op it taheakjen fan in eigen ferklearring (fan medyske aard) oan jo dossier.
  • It rjocht om jo yn bepaalde gefallen tsjin de ferwurking fan jo gegevens te fersetten.

As jo gebrûk meitsje wolle fan ien fan dizze rjochten, dan kinne jo dit mûnling witte litte of oanfreegje fia in oanfraachformulier dat jo oan de baalje ophelje kinne. Jo belangen kinne ek behertige wurde troch in fertsjintwurdiger (in skriftlike folmacht of jo kurator of mentor). In ôfskrift út it medyske dossier wurdt altyd persoanlik oan jo of jo folmacht oerlange.

Persoansgegevens jaan oan tredden

De meiwurkers fan húsdokterspraktyk Yn Sicht hawwe de ferplichting fertroulik mei jo persoansgegevens om te gean. Dit hâldt bygelyks yn dat de soarchferliener perfoarst jo tastimming nedich hat om jo gegevens oan tredden te jaan. Op dizze regel bestean lykwols in pear útsûnderingen. Op grûn fan in wetlik foarskrift kin de swijplicht fan de soarchferliener trochbrutsen wurde, mar ek as der sprake is fan earnstich gefaar fan jo sûnens of dy fan in tredde. Boppedat kinne fêstleine gegevens, as dat needsaaklik is, mûnling, skriftlik of digitaal útwiksele wurde mei oare soarchferlieners (bygelyks de apoteker dy’t in resept ferwurket en sadwaande gegevens krijt fan de húsdokter).

Utwikseling fan gegevens
Yn Sicht wikselet, nei’t jo hjirfoar streekrjocht tastimming jûn hawwe, yn de takomst fia it LSP relevante medyske gegevens feilich en betrouber út mei de húsdokterspost (sjoch ek it item oer it LSP - Lanlik SkeakelPunt). Hawwe jo jûns of yn it wykein op de húsdokterspost (HAP) west, dan dielt dizze in berjocht fan waarnimming mei de húsdokterspraktyk. Sa wit de húsdokter presiis mei hokker klachten jo by de HAP west hawwe en wat nei oanlieding dêrfan is ûndernommen.

 Ek kinne gegevens oer de medikaasje dield wurde mei jo apoteker en jo behanneljende medyske spesjalisten. Hjirby giet it om de medikaasje dy’t de húsdokter oan jo foarskreaun hat, mar ek om eventuele yntolerânsjes, kontra-yndikaasjes en allergyen (ICA-gegevens). Dêr kinne oare ynstânsjes dy’t medisinen foarskriuwe en jouwe, rekkening mei hâlde. Sa drage wy as húsdokterspraktyk by oan de feiligens wat medikaasje oanbelanget.


Oerdracht fan jo dossier

As jo in nije húsdokter kieze, is it belangryk dat dy dokter op ’e hichte is fan jo medyske skiednis, dy’t yn jo pasjintedossier stiet. It is gebrûklik dat jo âlde húsdokter it dossier oerdraacht oan jo nije húsdokter. Dit bart sa soarchfâldich mooglik, yn elk gefal binnen in moanne nei’t jo frege hawwe it dossier oer te dragen.

Jo dossier wurdt dan digitaal (befeilige) oerdroegen. Jo kinne it orizjinele dossier net meikrije. Wol hawwe jo altyd it rjocht om jo dossier yn te sjen en rjocht op in kopy dêrfan. 


Kosten

As der in ôfskrift fan it medyske dossier jûn wurdt, dan binne der kosten oan ferbûn. Jo wurde hjirfan foarôf op ’e hichte brocht, dêrnei komt de rekkening.

Fraach of klacht

Hawwe jo in fraach of in klacht, bygelyks oer mei wa’t wy de gegevens diele of hoe’t wy omgeane mei jo medyske gegevens, dan giet jo húsdokter mei jo yn petear.