de gang van zaken

Wurkwize fan Yn Sicht

Wurkwize

Yn ús húsdokterspraktyk wurkje wy mei ferskillende dissiplines. Jo kinne mear lêze oer ús taakferdieling ûnder ‘ús team’. “ons team”

Húsbesite

In húsbesite is allinnich foar earnstich siken of groanyske pasjinten dy’t te siik binne om ferfierd te wurden. Leeftyd, koarts, gjin ferfier of gjin tiid binne gjin reden om in húsbesite oan te freegjen. By it oanfreegjen fan in húsbesite sil de doktersassistinte by jo ynformearje wat de mooglikheden binne. Hâld der rekkening mei dat yn de húsdokterspraktyk de mooglikheden foar ûndersyk en behanneling better binne as yn de situaasje thús.  

Wannear’t it jo net slagget om nei de praktyk te kommen (ek net mei help), kinne jo tusken 8.00 en 10.00 oere belje foar it oanfreegjen fan in húsbesite.  

De assistinte beoardielet (eventueel yn oerlis mei de regiodokter) oft der in húsbesite nedich is en hokker soarchmeiwurker it bêste ynset wurde kin. 

It kin ek foarkomme dat jo in húsbesite fan ús ferwachtsje sûnder dat dit by ús bekend is. Lit it ús witte, want oan net útsprutsen ferwachtings kinne wy net foldwaan, mar foar fersiken steane wy iepen. 
 

Sikehûsopname

Nei jo opname yn it sikehûs krije wy meastal in berjocht dat jo mei ûntslach nei hûs gien binne. It is gebrûklik om nei oanlieding fan dit berjocht binnen in pear dagen kontakt mei jo op te nimmen. Wy hearre dan graach hoe’t it mei jo giet en oft wy as húsdokterspraktyk noch wat foar jo betsjutte kinne.  

It kin foarkomme dat wy gjin berjocht krigen hawwe en net witte dat jo opnommen west hawwe. As jo nei in pear dagen nei ûntslach noch neat fan ús fernommen hawwe, mar hawwe jo wol in fraach foar ús, dan hearre wy dat graach.  

Wy lizze gjin besites ôf yn it sikehûs.  

keuringen

Soms is in keuring nedich foar jo berop, sport of rydbewiis. Dizze keuringen hearre net ta de kearntaak fan de húsdokter. Jo kinne it bêste kontakt opnimme mei dokters dy’t hjiryn spesjalisearre binne (www.CVMK.nl).


Kwaliteitsferbettering

As húsdokterspraktyk besykje wy elke dei in bytsje better te wurden.

As húsdokterspraktyk besykje wy elke dei in bytsje better te wurden. Underdiel fan it proses fan kwaliteitsferbettering is ûnder oare de NHG-praktykakkreditaasje.

As team fine wy neiskoalling tige belangryk. Dit dogge wy sawol as team as yndividueel. Miskien dat jo hjiroer yn de nijsitems sa no en dan wat fernimme.

Wy fine de miening fan ús pasjinten tige wichtich. Jo kinne ús helpe troch in review achter te litten op ús webside. Wy hearre graach wat better kin, mar fleurje ek tige op fan in komplimint. 



Wat vinden anderen van huisartsenpraktijk Yn Sicht

,,

J. D.
Lorem ipsum dolor sit amet, consectetur adipiscing elit. Ut elit tellus, luctus nec ullamcorper mattis, pulvinar dapibus leo.
J. D.
Lorem ipsum dolor sit amet, consectetur adipiscing elit. Ut elit tellus, luctus nec ullamcorper mattis, pulvinar dapibus leo.
J. D.
Lorem ipsum dolor sit amet, consectetur adipiscing elit. Ut elit tellus, luctus nec ullamcorper mattis, pulvinar dapibus leo.