Bûten de iepeningstiden wurdt de spoedeaskjende húsdokterssoarch fersoarge troch Dokterswacht Friesland (dokterswacht.nl).
De Dokterswacht biedt profesjonele soarch foar spoedeaskjende saken dy’t net wachtsje kinne oant de húsdokterspraktyk wer iepen is. It is dus in spoedtsjinst.
Alle húsdokters dy’t oansletten binne by de Dokterswacht, dogge ek tsjinsten op de húsdokterspost. Jo kinne de húsdokters fan Yn Sicht geregeld oantreffe op ien fan de doktersposten, benammen op de húsdokterspost yn Ljouwert en Dokkum.
Wannear’t jo belje mei de spoedtsjinst, krije jo oan de telefoan in spesjaal trainde doktersassistinte, dy’t jo freget wat der oan de hân is. Fierder wurdt der ek noch frege nei algemienere saken, lykas jo foarskiednis en de medisinen dy’t jo brûke. De assistinte jout soms telefoanysk advys, dêr’t jo de tiid mei trochkomme kinne oant wy wer berikber binne. Soms is it nedich dat jo lânskomme op de húsdokterspost en yn in pear gefallen sil de húsdokter by jo komme. Yn libbensbedriigjende situaasjes kin de assistinte ek daliks beslute om in ambulânse op te roppen. As jo kontakt hân hawwe mei de Dokterswacht, wurdt der altyd in berjocht nei de eigen húsdokter stjoerd, wêrtroch wy ek op ’e hichte binne as jo ús nedich hawwe foar in ferfolch.
Noch in pear oandachtspunten:
As jo belje foar immen oars, soargje der dan foar dat jo de gegevens safolle mooglik paraat hawwe (bertedatum, medikaasje, sykten fan dyjinge). Meastal freget de assistinte oft de persoan sels ek noch efkes oan de telefoan komme kin om eventueel ekstra ynformaasje yn te winnen.
By in besite oan de húsdokterspost wurdt nei in legitimaasjebewiis frege, dat jo dus by jo hawwe moatte.