24 oeren per dei
Jo hawwe in fraach De mooglikheden
As jo in fraach hawwe dêr’t jo graach in antwurd op krije, binne der ferskillende mooglikheden, dy’t hjirûnder beskreaun binne. Josels kinne it bêste beoardielje hokker mooglikheid by jo fraach past.
As jo in account oanmakke hawwe by MijnGezondheid.net, bestiet ek de mooglikheid om de app ‘Medgemak’ te keppeljen oan jo account. Jo kinne dan fragen stelle of in ôfspraak meitsje fia de app. Ynlogge mei jo DigiD is dan net nedich.
Jo kinne ek telefoanysk in fraach stelle. Jo kinne ús berikke op telefoannûmer 0511 476666.
www.thuisarts.nl is de webside fan de Nederlânske húsdokters. Jo kinne hjir ynformaasje fine oer ferskillende ûnderwerpen. Uteraard binne der ek oare plakken op ynternet om ynformaasje op te dwaan. Wy advisearje dizze webside omdat der goed ûnderboude ynformaasje jûn wurdt dy’t oanslút by de situaasje yn de soarch yn Nederlân.
Telefoanysk advys
Jo kinne jo fraach ek telefoanysk stelle fia 0511-476666 oan ús assistintes, dy’t traind binne om by kwalen dy’t in protte foarkomme, in passend advys te jaan. As it net bliuwe kin by in telefoanysk advys, kinne sy ek in ôfspraak op it sprekoere foar jo ynplanne.
E-konsult
Yn in e-konsult kinne jo in ienfâldige fraach foarlizze mei eventueel in taheakke, bygelyks in foto. Sjoch foar mear ynformaasje e-konsult.
Sprekoerekontakt ynplanne
Guon fragen binne mear passend foar in ôfspraak op it sprekoere. Tink hjirby oan komplekse fragen of in fraach dy’t (nei alle gedachten) útrinne sil op in lichaamlik ûndersyk.
Jo kinne in ôfspraak ynplanne fia MijnGezondheid.net of telefoanysk fia de assistinte. Belje by foarkar foar 10.00 oere moarns. De assistinte sjocht mei jo wat de mooglikheden binne.
Fragen dy’t faak foarkomme
Hjirûnder folget in oersicht fan fragen dy’t in protte steld wurde, bygelyks oer de húsdokter, de praktyk, tariven en de soarchferliening.
In medysk oardiel moat opsteld wurde troch in ûnôfhinklike dokter. As húsdokters hawwe wy in lange behannelingsrelaasje mei jo en binne dêrom net ûnôfhinklik. Om dy reden riedt ús beropsorganisaasje KNMG it jaan fan in medyske ferklearring ôf. (link nei wegeringsbriefke Geneeskundige verklaring/KNMG)
(link naar weigeringsbriefje Geneeskundige verklaring | KNMG
Nee.
Jo kinne ek net by ús komme foar sportkeuringen, keuringen foar de beropsfeart of beropssjauffeurs, ensafuorthinne.
Nee.
De measte earsteline soarchferlieners binne direkt tagonklik sûnder ferwizing fan de húsdokter. Jo kinne op de webside verwijzingsafspraken.nl fine oft yn jo gefal in (nije) ferwizing nedich is.
Ja.
Yn it gefal fan in nij probleem hawwe jo hjirfoar in ferwizing fan de húsdokter nedich. Op guon útsûnderingen nei freegje wy jo om dêrfoar op it sprekoere te kommen. Sa kinne wy soargje foar in adekwate oerdracht fan de earste nei de twadde line.
Hawwe jo al ûnder behanneling (west) by de medysk spesjalist, dan is in nije ferwizing meastal net nedich. Op de webside verwijzingsafspraken.nl lêze jo hjiroer mear.
Op de website verwijsafspraken.nl leest u hier meer over.
Nee, de húsdokterssoarch falt net ûnder it eigen risiko.
Eventueel ferfolchûndersyk (bloedôfname, kweken, foto’s) falle dêr wol ûnder.
Nee.
Spitigernôch hawwe wy yn de soarch hieltyd mear te krijen mei oprinnende wachtlisten. Wy fine it tige ferfelend dat jo lang op in ôfspraak wachtsje moatte, foaral as jo in protte klachten hawwe.
Ut de húsdokterspraktyk wei binne der twa mooglikheden fan ferwizen:
- Der is sprake fan in akute (libbensbedriigjende) situaasje. De soarchferliener hat dan oerlis mei de spesjalist dy’t tsjinst hat. Jo wurde noch op deselde dei (meastal op de spoedeaskjende help) beoardiele.
- Der is sprake fan in probleem dy’t yn de húsdokterspraktyk net oplost wurde kin en dêr’t help fan in spesjalist foar nedich is. Jo wurde ferwiisd nei de polyklinyk fan dyselde spesjalist.
Wy kinne gjin ynfloed útoefenje op de wachttiden fan de polyklinyk. As jo de wachttiid te lang fine, dan kin de wachttiidbemiddeling fan jo soarchfersekering soms effekt hawwe.
Troch it stellen fan fragen (triaazje) kinne wy better beoardielje hokker soarchferliener jo it bêste helpe kin en op hokker termyn dat nedich is. De soarchferliener by wa’t jo komme, kin har/him dan ek goed tariede op jo fraach (bygelyks troch âlde gegevens yn it dossier op te sykjen). Hjirtroch kinne wy ús wurk better dwaan.
Ja.
Wy fine it belangryk om rom tiid yn te plannen foar sa’n petear. Binnen ús praktyk fine dizze petearen plak by de praktykûndersteuner somatyk en net by de húsdokter of de ferpleechkundich spesjalist.
Wij vinden het belangrijk om de tijd te nemen voor zo’n gesprek. Binnen onze praktijk vinden deze gesprekken plaats bij de praktijkondersteuner somatiek en niet bij de huisarts of verpleegkundig specialist.
Foar guon medikaasje hawwe jo in ferklearring nedich as jo reizgje wolle. Dit hinget ôf fan it soart medikaasje en it lân dêr’t jo hinne reizgje. Op de webside fan it CAK kinne jo per medikamint en per lân sjen wat der nedich is.
CAK – Medicijnen mee op reis (hetcak.nl)
As der in ferklearring nedich is, kinne josels dizze sa presiis mooglik ynfolje. Jo jouwe de ferklearring dêrnei by de praktyk ôf. Wy kontrolearje dizze en soargje foar de ûndertekening. Dêrnei helje josels de ferklearring wer op en stjoere dizze sa nedich nei it CAK.
Dit werkt als volgt:
Dit wurket sa: It ûntwikkeljen fan nije medikaasje kostet in kapitaal, ûnder oare troch jierrenlange ûndersiken dy’t oan de produksje fan in nij middel foarôfgean. De fabrikant betinkt in namme foar it middel en set der in patint op. Salang’t it patint jildich bliuwt, is de fabrikant de iennige dy’t it middel meitsje mei. Dizze middels wurde spécialités neamd.
Nei likernôch acht oant tsien jier ferrint it patint. Oare fabrikanten meie dan ek it middel produsearje. It medisyn wurdt sekuer neimakke, mar mei net deselde namme drage. De namme fan de stof wurdt dan faak brûkt. Dizze ‘merkleaze’ middels fan oare fabrikanten binne goedkeaper omdat der net folle ûndersyk oan foarôfgien is. Dêrom kin it medisyn tsjin legere kosten produsearre wurde.
Guon medisinen kinne yn it bûtenlân goedkeaper makke wurde. Nederlân ymportearret dizze middels, dy’t meastal in ôfwikende merknamme hawwe. De stofnamme is lykwols altyd deselde. Dizze medisinen wurde parallelle genêsmiddels neamd.
Foar alle typen genêsmiddels jildt dat se foldwaan moatte oan deselde strange regels. Der wurdt dêrom oannommen dat der gjin reden is om de medikaasje net te ferstrekken, behalve as der in útsûndering fan tapassing is.
Wannear’t in soarchmeiwurker binnen it team húsdokters in medikamint foarskriuwt, dan wurdt hjirfoar de stofnamme fan it produkt brûkt. De apoteker kin dan in generyk middel, in parallel genêsmiddel of it djoerdere merkmiddel (spésialité) leverje. Mei de soarchfersekerders binne ôfspraken makke dat (as it levere wurde kin) allinnich it generike middel fergoede wurdt. Der fynt lanlik oanbesteging plak om de goedkeapste middels te selektearjen, wat resultearret yn in preferinsjebelied. Boppedat binne der ôfspraken oer wannear’t der in útsûndering makke wurdt op boppesteande regel. In foarbyld dêrfan is as in pasjint in generyk middel fan in bepaalde fabrikant net goed ferdraacht. Der binne kritearia dêr’t in pasjint oan foldwaan moat foar’t in djoerder middel fergoede wurdt, bygelyks it probearjen fan in pear oare merkleaze middels om te sjen oft dy wol goed ferdroegen wurde.
De apoteker helpt jo by it sykjen nei it krekte middel en kin jo mear fertelle oer de gearstalling fan it produkt fan ferskillende fabrikanten. De diskusje oer de fergoeding wurdt fierd troch de pasjint, de soarchfersekering en de apoteek. Der is in bewuste kar makke dat de foarskriuwer (ûnder oare it team fan húsdokters) gjin partner is yn dizze diskusje.
Dit hat te krijen mei it preferinsjebelied fan de soarchfersekerder. Jo kinne hjiroer mear lêze by de fraach ‘Kin de húsdokter my helpe om medikaasje fan in bepaalde fabrikant te krijen?’.
Nee.
Help yn de húshâlding wurdt regele fia de gemeente. Jo kinne sels kontakt opnimme mei de gemeente fia it online kontaktformulier op de webside (sykje by gebietsteam) of fia it telefoannûmer 0511-460767.
As jo help nedich hawwe by persoanlike fersoarging, kinne jo de thússoarch ynskeakelje troch sels kontakt op te nimmen mei de thússoarchorganisaasje fan jo kar. Soms komt it foar dat ús praktykûndersteuners de thússoarch ynskeakelje nei oanlieding fan oerlis mei jo of jo famylje.
De húsdokterssoarch is nochal feroare yn de ôfrûne jierren. It pakket taken is útwreide en dêrtroch it team ek.
As jo jo mei in fraach by ús praktyk melde, plant ús doktersassistinte foar jo in ôfspraak yn by de helpferliener dy’t jo it bêste helpe kin by jo klacht. Dit kin derta liede dat jo foar ferskillende klachten by ferskillende soarchferlieners komme.
Wy stribje dernei jo by in ferfolchkontakt nei oanlieding fan deselde klacht by deselde soarchferliener yn te plannen. Dit is foar jo gaadlik, mar ek foar ús!
Wy hawwe yn ús húsdokterspraktyk de mooglikheid om in tal ûndersiken te dwaan, dêr’t jo net foar nei it sikehûs hoege:
Het gaat om de volgende onderzoeken:
- ECG (hertfilmke)
- Holter (hertritme-ûndersyk)
- 30 minuten- en 24 oeren-bloeddrukmjitting
- Ankel-earmyndeks (ierûndersyk)
- Spirometry (longfunksje-ûndersyk)
- CRP bepaling (ynfeksjewearde yn it bloed)
- Urine-ûndersyk
- Slaap-apnoe onderzoek
Yn de húsdokterspraktyk ferrjochtsje wy ferskate lytse (sjirurgyske) yngrepen, bygelyks:
- Ynjeksje yn bygelyks in skouder- of knibbelknop (gewricht)
- It ferwiderjen fan in deaplak (moedervlek) of hûdflap
- It ferwiderjen fan talgklierkystes of fetbultsjes
- It ferwiderjen fan in yngroeide teanneil
- It ynbringen en ferwiderjen fan in ymplanon (antykonsepsjestaafke)
- It ynbringen en ferwiderjen fan in spiraaltsje (antykonsepsje)
Wy fine it belangryk dat jo foarôfgeand oan it ynplannen fan in yngreep op it sprekoere komme foar in beoardieling.
It is mooglik dat de yngreep inkeld kosmetysk fan aard is en net medysk needsaaklik. As dat sa is, sille wy jo ferwize nei it Dermatologysk Kosmetysk Sintrum.
Ja.
De POH-GGZ is spesjalisearre yn it ûndersteunen fan minsken mei psychyske klachten. Mei jo kin in ynskatting makke wurde oer hokker help nedich is.
Wy hawwe keazen foar in romme besetting by ús POH-GGZ, sadat der foldwaande tiid oan de klacht bestege wurde kin.
Giet it om in relatyf koart begeliedingstrajekt, dan kinne wy dit faak binnen ús praktyk biede. As de fraach komplekser is, kin de POH-GGZ jo trochferwize. Us praktyk is goed op ’e hichte fan de mooglikheden yn ús regio.
Ik ha fragen oer de opfieding of oer in psychyske klacht fan myn bern, wêr kin ik terjochte?
Foar fragen oer de opfieding kinne jo terjochte by it Sintrum foar Jeugd en Gesin (konsultaasjeburo), dy’t spesjale sprekoeren hat en wêr’t jo terjochte kinne foar ferskillende fragen.
Jo kinne hjiroer mear ynformaasje fine op de webside fan GGD Fryslân.
As jo bern psychyske klachten hat dêr’t help foar nedich is, dan bestiet de mooglikheid om jo oan te melden by it Jeugdteam fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
Dit team hat in romme ekspertise om sels help te bieden, mar kin as dat nedich is ek trochferwize.
Yn de regio binne de ôfspraken sa dat jo daliks terjochte kinne by it Jeugdteam. Foarôfgeand oerlis mei de húsdokterspraktyk is net nedich. Ferwizings ferrinne ek fia it Jeugdteam, omdat de finansiering ek fia de gemeente ferrint.